Ljouwerter rydt 70 km te hurd yn de stêd

24 okt 2015 - 10:09

In 32-jierrige Ljouwerter is freedtejûn pakt om't er 120 kilometer yn 'e oere ried op de Aldlânsdyk yn Ljouwert. De tastiene maksimumsnelheid is dêr 50 kilometer yn 'e oere.

De man ried dêrnei troch read. Hy bliek syn rydbewiis net by him te hawwen en hie noch in boete iepenstean fan hast 500 euro. De boete is direkt betelle en der is in proses-ferbaal opmakke foar de trije oertrêdings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)