Ljouwerter rekket rydbewiis kwyt nei strjitrace

27 des 2015 - 08:26

In 23-jierrige Ljouwerter moast sneon syn rydbewiis ynleverje, omdat er meidie oan in strjitrace. De plysje seach twa auto's dy't opfallend rieden en gie der achteroan. Om de auto's kontrolearje te kinnen, joech de plysje se in stopteken. Dêr waard net op reagearre. Op de Balthasar Bekkerwei giene de automobilisten neist elkoar stean, wêrnei't se in strjitrace tsjin elkoar holden.

De plysje koe ien fan de auto's oan de kant sette. It rydbewiis fan de bestjoerder út Ljouwert is yn beslach naam. De oare automobilist moat nei it buro komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)