Ljouwerter plysje trapearret drankriders

08 jun 2015 - 11:14

De plysje yn Ljouwert hat yn it wykein twa drankriders oanhâlden. Beiden rekken harren rydbewiis kwyt. In 22-jierrige Snitser waard op de Twibaksmerk oan kant set. In 58-jierrige Ljouwerter waard op de Bleekleane oanhâlden.

De manlju krigen in rydferbod, der waard proses-ferbaal opmakke en se moatte harren ek melde foar in ferkearskursus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)