Ljouwerter plysje lit 4500 euro oan ferkearsboetes fleane

25 mrt 2015 - 22:23

De plysje yn Ljouwert hat woansdei 4500 euro oan ferkearsboetes lizze litten yn it ramt fan de CAO-aksjes dy't op it stuit dwaande binne. Dat meldt plysje Ljouwert op Twitter. Aginten holden woansdeitemiddei en -jûn ferskate ferkearskontrôles yn de stêd, mar joegen it grutste part fan de ferkearsdielnimmers yn oertreding inkeld warskôgings. Wol waarden in pear auto's ôffierd troch iepensteande boetes en belestingskuld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)