Ljouwerter plysje bart iepensteande boeten yn de stêd

11 feb 2016 - 11:24

De plysje hat woansdei yn Ljouwert by tritich minsken oan de doar west om iepensteande boeten yn te barren. Lang net eltsenien wie thús. Op njoggen adressen die ien iepen. Meielkoar hat de plysje dêr hast 3300 euro oan iepensteande boeten ophelle.

Twa Ljouwerters moasten noch in pear dagen yn de sel sitte, de iene twa dagen, de oare fjouwer. Sy binne fêstsetten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)