Ljouwerter pizzakoerier op strjitte berôve

09 feb 2016 - 09:33

In pizzakoerier is moandeitejûn berôve fan syn beurs. De koerier soe in pizza besoargje op de Droppingstrjitte yn Ljouwert. Doe't er dêr oankaam, die bliken dat de minsken op dat adres gjin pizza besteld hiene. Hy waard doe op strjitte oansprutsen troch in man dy't sei dat er de pizza besteld hie. De man betelle de pizza en doe't de besoarger it wikselsjild út syn beurs helle, pakte de man it jild en de beurs fan de koerier en naaide út.

De plysje is op syk nei tsjûgen fan de strjitrôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)