Ljouwerter pakt frou by kiel op Ruterskertier

17 maaie 2015 - 11:28

In ynwenner fan Ljouwert is sneontenacht oppakt, omdat er in frou by de kiel grypte. Dat barde yn in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier yn syn wenplak. De man waard oanhâlden troch portiers fan de kroech en dêrnei oerdroegen oan de plysje.

De plysje hat de 19-jierrige Ljouwerter fêstset foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)