Ljouwerter oppakt yn Foxhol

14 sep 2014 - 13:11
  • Boeien

In 31-jierrige Ljouwerter is sneon oanhâlden yn it Grinslanner Foxhol. Hy wie earder fuortstjoerd út in wente dêr, omdat er him ferfelend gedroech. Doe't er wer yn de tún stie, woe de plysje him yn de boeien slaan. De man waard sa lilk dat er de plysje ferskate kearen tsjin de skonken skopte. Mei twa man wist de plysje him mei muoite yn de plysje-auto te krijen.

De Ljouwerter is op it plysjeburo yn de sel set. Twa plysjes hawwe oanjefte tsjin him dien fan geweld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)