Ljouwerter oppakt yn ferbân mei sjitterij yn Essenstrjitte

23 feb 2015 - 11:57
  • Op it stuit fan de sjitpartij wiene der ferskate minsken yn it wenhûs

In 22-jierrige man út Ljouwert is moandeitemoarn betiid oppakt yn ferbân mei sjitterij yn de Ljouwerter Essenstrjitte. Ein ferline jier waard in 27-jierrige Ljouwerter yn syn eigen hûs delsketten. Hy rekke ferwûne oan 'e skonk.

Ut ûndersyk fan de ôfrûne wike hat no bliken dien dat de 22-jierrige fertochte dêr mooglik belutsen is. Hy wurdt ferheard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)