Ljouwerter oppakt yn feesttinte

15 sep 2006 - 11:01

De plysje hat freedtemoarn betiid in agressive Ljouwerter oanhâlden by de feesttinte yn Kollumersweach. De 31-jierrige man wie earder troch befeiligers út de tinte set omdat er him ferfelend gedroech.

Bûten begûn er mei stiennen te smiten en hy rekke dêrby in befeiliger en in bestelbus. De plysje waard dêrop ynskeakele. Dy hat de man fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)