Ljouwerter oppakt yn Drachten foar jaan kopstjit

13 sep 2015 - 11:46
  • (stockfoto)

De plysje hat sneintemoarn betiid op de Nachtegaalstrjitte yn Drachten in man út Ljouwert oppakt. Hy soe in man út Drachten in kopstjit jûn hawwe, om noch ûnbekende redenen.

It slachtoffer trof de surveillearende plysje en fertelde dat er mishannele wie. Hy koe de fertochte oanwize. De Ljouwerter is meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)