Ljouwerter oppakt nei klap

12 aug 2009 - 11:53

In Ljouwerter (31) is tiisdei oanhâlden omdat hy in klap útdield hat oan in oare Ljouwerter (43). De 43-jierrige rûn mei frou en bern op De Centrale doe't hy de klap krige. Syn frou makke in opmerking oer in frou dy't mei in lytse poppe efterop in brommer stapte. De bestjoerder fan dy brommer rûn dêrop nei de Ljouwerter ta en joech him in klap yn it gesicht.

De man is letter yn syn wente oanhâlden troch de plysje. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)