Ljouwerter oppakt nei bedriging portier hoarekasaak

06 apr 2015 - 13:53

De plysje hat sneintenacht in 36-jierrige Ljouwerter oppakt foar bedriging. De man woe in hoarekasaak oan it Ruterskertier yn. Dat mocht net fan de eigener. Dêrop bedrige de fertochte him.

By syn oanhâlding bedrige er de plysjes ek noch. De man koe him net legitimearje. De plysje hat de Ljouwerter fêstset foar ferhear. Op it buro waard syn identiteit bekend. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)