Ljouwerter oppakt foar ynbraak Grou nei DNA match

15 jan 2015 - 12:20

In 35-jierrige man út Ljouwert is op basis fan syn dna oppakt foar in ynbraak oan de Parkstrjitte yn Grou, ferline jier novimber. De man waard by de ynbraak betrape troch de bewenster. Hy hat har skopt en is doe útnaaid.

Yn de wenning hat de plysje dna oantroffen. Ut ûndersyk hat no bliken dien dat it fan de 35-jierrige Ljouwerter wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)