Ljouwerter oppakt foar stellen

04 jul 2008 - 10:04

In 16-jierrige Ljouwerter is oanhâlden op fertinking fan it stellen en ferkeapjen fan fytsen. De plysje hie in tip krige en gie nei it hûs fan de jonge. Dêr fûnen se sân fytsen. Fjouwer waarden yn beslach naam foar fierder ûndersyk. Ien dêrfan wie opjûn as stellen. Wêr´t de oare fytsen weikomme, wurdt noch ûndersocht.

De jonge is oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo. Dêr is er heard. Nei´t in prosesferbaal opmakke is, mocht er wer fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)