Ljouwerter oppakt foar fuortsmiten bierblikje

03 aug 2015 - 11:54

In 24-jierrige Ljouwerter is sneintenacht oppakt omdat er in blik bier yn de grêft smiten hie. De man rûn mei in groep minsken oer it Grut Schavernek yn de stêd, doe't se de plysje tsjinkamen. De man hie in iepen blik bier by him, wat ferbean is. Dêrom frege de plysje him it blik fuort te dwaan.

Yn reaksje dêrop smiet er it blikje yn de grêft. Ek woe de man net nei de plysje lústerje. Dêrom is hy oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)