Ljouwerter oppakt foar fjochterij en mislediging

26 jan 2016 - 10:10

In 37-jierrige Ljouwerter gong moandeitejûn foar de eagen fan plysjeminsken op de fûst mei in stedsgenoat. Hy misledige ek it slachtoffer en de plysjeminsken.

De plysjes wienen op de Dirk Boutstrjitte yn Ljouwert om in rjochterlik stik út te rikken. De persoan wie lykwols net thús. Doe't de plysjeminsken wer fuort soene kaam de fertochte der oan. Hy misledige in bewenner fan de strjitte en rekke mei him yn gefjocht. Neidat de plysje tuskenbeide kaam, rjochte er syn misledigingen op de plysjeminsken. De Ljouwerter is oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)