Ljouwerter oppakt foar berneporno

17 nov 2011 - 16:21

    In 43-jierrige Ljouwerter is oanhâlden foar it downloaden fan berneporno. Ferline wike hat de plysje in ynfal dien op twa lokaasjes yn Ljouwert. Dêrby binne de kompjûters fan de man yn beslach naam. Dy wurde op it stuit ûndersocht. De plysje kaam de man op it spoar nei't se oanwizings krigen dat hy dwaande wie mei it downloaden fan de porno.

    It is noch net dúdlik wat de man krekt op syn kompjûter set hat. De Ljouwerter is nei ferhoar wer frijlitten. Hy sil him ynkoarten ferantwurdzje moatte foar de rjochter.

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)