Ljouwerter oanholden foar trettjin ynbraken

05 jun 2015 - 12:08
  • (fotofoarbyld)

In 36-jierrige Ljouwerter is oanholden foar trettjin ynbraken. It giet dan om twa kear stellerij út winkels, trije ynbraken by bedriuwen en acht wenningynbraken. De searje ynbraken fûnen plak yn maart en april. Dêrby binne jild, laptops, tillevyzjes en sieraden meinaam. De fertochte rûn tsjin de lampe, omdat hy by ien fan de ynbraken te sjen wie op befeiligingskamera's.

Ek waard de Ljouwerter troch de eigener sjoen by in wenningynbraak.

Fierders foel it de plysje op dat it tal ynbraken omheech gien wie op it momint dat de fertochte net fêst siet. De Ljouwerter is wer opsletten en moat him foar de rjochter ferantwurdzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)