Ljouwerter oanholden foar bedriging mei in mes

28 nov 2014 - 10:59
  • Bedriging mei in mes

De plysje hat tongersdeitejûn yn Ljouwert in man fan 25 jier út de stêd oanholden. De fertochte hie sûnder oanlieding in 52-jierrige stedsgenoat mei in mes bedrige. It slachtoffer belle 112. De plysje seach de man rinnen yn de Widesteech. Doe't se him oansprutsen, misledige er de plysjes.

De 25-jierrige man is oerbrocht nei it buro. Hy sit noch fêst. It mes waard net mear oantroffen by de fertochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)