Ljouwerter oanhâlden nei skeinen

17 okt 2001 - 00:00

In 43-jierrige Ljouwerter is woansdei oanhâlden. Hy hie syn geslacht toand oan trije famkes yn de Jan Evenhuisstrjitte. De plysje waard warskôge en koe de man letter yn syn auto op de Grinzerstrjitwei oanhâlde.

Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. Hy hie ek dronken. De plysje wol graach yn kontakt komme mei de famkes en freget oft se de plysje belje wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)