Ljouwerter oanhâlden nei mishanneljen frou

16 jan 2015 - 10:24

Yn Ljouwert is in 23-jierrige man tongersdeitemiddei oanhâlden yn in wenning oan de Boksdoornstraat. De Ljouwerter wurdt fertocht fan mishanneling fan in 41-jierrige frou út Ljouwert. Se waard troch de man mishannele yn har eigen hûs. Se warskôge de plysje, dy't op syk gie nei de fertochte. De Ljouwerter hie him ferskûle yn ien fan de sliepkeamers. De plysje hat de man meinaam nei it buro en docht fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)