Ljouwerter oanhâlden foar rellen yn Haachske Skilderswyk

24 jul 2015 - 09:16

In 49-jierrige man út Ljouwert is oanhâlden op fertinking fan bedriging en smaad nei de rellen yn de Haachske Skilderswyk ein juny. In spesjaal resjerzjeteam dat ûndersyk docht nei de rellen hold earder al in 35-jierrige Ljouwerter oan fanwege opruiïng. De man soe op syn facebookside bedrigings utere hawwe nei de dea fan Mitch Henriquez yn de Haachske Skilderswyk. Hy bedrige Marius Blok, in plysjeman út de Skilderswyk.

De plysje ferwachtet de kommende wiken noch mear oanhâldings dwaan te kinnen op basis fan kamerabylden dy't se binnenkrije.

Njonken de 49-jierrige Ljouwerter waarden ek in 20-jierrige man út Den Haach, in 14-jierrich famke út Gemert, in 22-jierrige man út Bunnik en in 17-jierrige jonge út Den Haach oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)