Ljouwerter notaris skorst

03 mrt 2012 - 07:42
  • Plysjemotor

De notaris dy't feroardield is foar it hawwen fan berneporno, is skorst troch de Keamer fan Tafersjoch fan de Ljouwerter rjochtbank. Ein ferline jier waard op de kompjûter fan de 43-jierrige Ljouwerter berneporno op de kompjûter fûn. Neidat de man feroardield waard, hat der noch mear ôfbyldings delhelle. De man is foar ûnbepaalde tiid út syn berop set, op syn ienmanskantoar yn Ljouwert is in waarnimmer oansteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)