Ljouwerter muzykkorps skrast optreden yn Belgyske Hasselt

22 mrt 2016 - 13:31
  • Parsveer korps útswaaid by ôfskiekonsert

Leden fan it muzykkorps Pasveer yn Ljouwert hiene in optreden pland stean yn it Belgyske Hasselt, kommende moandei. Mar yn oerlis is besletten om dat oergean te litten. It korps seit dat elk it der oer iens is dat de feilichheid fan de leden foarop stiet.

Foarsitter Sieger van Wijk seit dat we fansels net wike moatte foar dizze dieden. Mar hy wol achterôf ek net sizze moatte dat "we bepaalde situaasjes foarkomme kinnen hiene".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)