Ljouwerter moslims net de dyk op

12 okt 2001 - 00:00

Imam Onlü fan 'e moskee yn Ljouwert hat freed de Ljouwerter moslims mei klam frege om net de strjitte op te gean. Oer de hiele wrâld geane in soad moslims nei it freedtemiddeisgebed de dyk op om te protestearjen tsjin Amearika.

De Ljouwerter moslims steane net achter dizze aksje. De moslims hawwe wol muoite mei de Amearikaanske oanfallen, mar se binne ek tsjin Bin Laden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)