Ljouwerter moat de sel yn om 0,89 euro

30 des 2015 - 20:56

De plysje fan Ljouwert hat woansdeitejûn in man oanhâlden foar stellerij út in winkel oan it Cambuurplein. De man, in Ljouwerter fan 39 jier, hie njoggen 'gillende keukenmeiden' út de ferpakking helle dy't mei-inoar 0,89 euro kostje. Dêrmei is er sûnder te beteljen by de winkel útrûn.

De manager fan de saak hat oanjefte dien fan stellerij. De man is meinaam nei it sellekompleks en hy mei takom jier net mear yn de winkel komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)