Ljouwerter mishannelet Harnzer

21 aug 2014 - 10:04

In 19-jierrige frou út Harns is tongersdeitemoarn betiid mishannele troch in man fan 25 jier út Ljouwert. Dat barde yn de Keningin Wilhelminastrjitte yn Harns.

De frou koe de plysje in sinjalemint fan de man jaan. Hy waard oppakt op it treinstasjon. By fûillearring die bliken dat de Ljouwerter in fleske GHB by him hie. Dat is yn beslach naam. De man sit fêst op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)