Ljouwerter mishannelet belestingamtner

20 jan 2015 - 09:35
  • Oanhâlding

De plysje hat moandei in Ljouwerter (65) oanhâlden op fertinking fan it mishanneljen fan in belestingamtner. De amtner wie op de Tjallingawei om in eksekúsjeferkeap ta te rieden. Hjir waard de amtner ûnderwachte benadere troch de Ljouwerter, dy't him bedrige en sloech.

De amtner is doe yn de auto stapt en nei it plysjeburo riden, wêrnei't de Ljouwerter oanhâlden is. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten. De belestingamtner hat oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)