Ljouwerter mishannele yn Emmen

24 sep 2012 - 11:45
  • Geweld

In jonge fan 17 jier út Ljouwert is sneontenacht mishannele yn Emmen. Hy rûn mei in freon troch it sintrum en rekke yn petear mei twa manlju. Dy waarden ynienen lulk, wêrop't de Ljouwerter en syn freon útnaaiden. Doe't se fuortfytse soene, stiene de twa fertochten foar har. De Ljouwerter krige in kopstjit en meardere klappen yn it gesicht. Hy wist mei syn freon te ûntkommen. Syn beurs is stellen. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)