Ljouwerter mishannele mei boksbûgel en pepperspray

22 feb 2016 - 08:42
  • Pepperspray

In 27-jierrige Ljouwerter is sneintemiddei mishannele yn in supermerk oan it Johannes Kolfplein yn syn wenplak. Hy waard mei in boksbûgel slein en der waard pepperspray yn syn gesicht spuite. Ek oare klanten en personiel fan de supermerk hiene lêst fan de geur fan de spray. Dêrom waard besletten om de winkel ticht te dwaan.

De plysje tinkt te witten wa't de dieder is, mar hat him noch net oanhâlden. Minsken dy't tsjûge west ha fan it barren wurde frege har te melden by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)