Ljouwerter mishannele en berôve fan beurs en telefoan

14 maaie 2015 - 14:53

In 22-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan woansdei op tongersdei slachtoffer wurden fan in strjitrôf yn de stêd. It slachtoffer kaam tusken it stasjon en De Skrâns fjouwer manlju tsjin. Hy waard skopt en slein. Se pakten him syn tas, telefoan en beurs ôf en naaiden út yn de rjochting fan de Hollanderdyk. Foarbygongers ha it slachtoffer holpen. Der moast ek noch in dokter oan te pas komme, omdat de man ferwûne rekke wie oan de holle.

De dieders binne net fûn. De plysje siket nei tsjûgen fan it foarfal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)