Ljouwerter merke te grut?

17 maaie 2001 - 00:00

De Ljouwerter merke groeit út syn jaske. Dat fynt merkemaster De Boer. Om't der hieltiten gruttere attraksjes komme, binne de grinzen hast berikt fan wat It Saailân oankin. Sneon begjint de merke.

Benammen fanwege de parkeargaraazje ûnder It Saailân is der in maksimum oan wat der oan gewicht op it plein stean mei. Ien fan de grutste attraksjes, de achtbaan, weaget al 120 ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)