Ljouwerter mei wapen oanholden

28 apr 2008 - 10:34

De plysje hat moandeitemoarn betiid in 33-jierrige Ljouwerter oanhâlden yn de Valeriusstrjitte om't er in fjoerwapen by him hie.

Om twa oere kontrolearre de plysje syn auto. Yn de kofferbak waard troch de aginten in pistoal oantroffen. Sawol de auto as it fjoerwapen binne yn beslach naam. De Ljouwerter is oanhâlden en sit fêst op it buro foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)