Ljouwerter mei pistoal oppakt

29 des 2010 - 10:00

In 51-jierrige ynwenner fan Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oanhâlden foar it yn besit hawwen fan in fjoerwapen. De man siet yn in hoarekasaak oan it Reigerplein doe't oare minsken yn de saak de plysje bellen mei it berjocht dat er in fjoerwapen by him hie.

Doe't de plysje by de saak oankaam hiene omstanners de man al oermastere. De fertochte is meinaam nei it buro en syn wapen is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)