Ljouwerter mei pistoal bedrige

30 maaie 2005 - 12:40

In man fan 25 jier út Ljouwert is sneintejûn by syn wenning oan de Eikenstrjitte oerfallen troch in man mei in pistoal. It slachtoffer rûn nei syn flat doe't der twa manlju oankamen. Yn de hal fan de flat bedrige ien fan har de Ljouwerter mei in pistoal.

De fertochte drukte it pistoal yn 'e nekke fan it slachtoffer en easke jild, mar de man sei dat er dat net hie. Uteinlik naaide de fertochte sûnder bút út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)