Ljouwerter mei nepwapen

11 okt 2014 - 11:40

In 22-jierrige Ljouwerter is sneontemoarn betiid yn syn wenplak oanhâlden om't er earder dy nacht mei in fjoerwapen drige hie. Dat wie nei't er spul krigen hie mei in 19-jierrige Ljouwerter. Dy rûn mei wat freonen yn de Poststrjitte doe't se de fertochte tsjinkamen. Nei de wurden helle de fertochte in nepwapen út de bûse en bedrige de oar. De plysje trof de man letter by syn hûs oan en seach dat er wat yn de ôffalbak smiet. Dat wie it nepwapen dat hiel echt liek. De fertochte is ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)