Ljouwerter mei kokaïne oppakt yn Den Haach

27 mrt 2015 - 09:44
  • Drugs

De plysje fan Den Haach hat tongersdei in ynwenner fan Ljouwert oppakt. De man wie ien fan de ynsittenden fan in auto, dy't tongersdei yn Den Haach steande hâlden waard by in rûtinekontrôle. Dêrby waarden in revolver en tweintich boltsjes kokaïne yn de auto fûn. Neist de Ljouwerter binne ek twa ynwenners fan Harderwijk oppakt.

Alle trije binne fêstset foar fierder ûndersyk. De drugs en de revolver binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)