'Ljouwerter Mar' komt der net

23 aug 2008 - 12:29

It gemeentebestjoer fan Ljouwert giet net fierder mei in plan foar in nije mar by de stêd. De VVD-fraksje wol dat Ljouwert sels in mar krijt en hat in plan dêrfoar oan b&w oanbean. De Ljouwerter mar soe komme moatte by de Griene Stjer en De Wielen - ek de gemeente Tytsjerksteradiel soe meidwaan moatte.

It gemeentebestjoer fan Ljouwert tinkt dat der yn de buorgemeente net genôch animo is foar de nije mar. De ried wol dêr net mear yntinsive rekreaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)