Ljouwerter man mishannele

19 apr 2014 - 10:35
  • Geweld

In ynwenner fan Ljouwert is freedtejûn mishannele op de Nieuwewei yn syn wenplak. De 29-jierrige man rekke ferwûne, mar woe net holpen wurde. Foarbykommende plysjes seagen de mishanneling en koene de twa dieders oanhâlde. It giet om in man fan 25 út Ljouwert en in 32-jierrige man fan wa't it wenplak net bekend is. De plysje hopet mei help fan kamerabylden achter de oanlieding fan de mishanneling te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)