Ljouwerter lûkt kop fan in do en nimt him mei yn syn tas

16 jun 2015 - 11:00

In 48-jierrige Ljouwerter is oanhâlden omdat er in do deamakke hat. In tsjûge seach dat de man op it Hoeksterpaad yn Ljouwert in do pakte en de kop fan de romp luts. De man die de do yn in pûde en rûn fuort. De tsjûge belle de plysje dy't de man oanhâldt. Hy hie de do noch by him.

Wêrom hy de do deamakke, is net bekend. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)