Ljouwerter lid falsk-jildbinde

16 mrt 2005 - 09:02

In 36-jierrige man út Ljouwert hat moannenlang belutsen west by in grut falsk jild-netwurk yn Europa. Dat waard tiisdei dúdlik by de rjochtbank fan Swolle. Dêr moasten njonken de Ljouwerter twa fertochten út Litouwen foarkomme.

De trije hearden by in binde mei fertakkingen yn Nederlân, België, Eastenryk en Frankryk. Se ha mear as 10.000 euro oan falsk jild útjûn. Dat waard drukt yn Litouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)