Ljouwerter langst yn iiswetter

08 sep 2012 - 08:03

De Ljouwerter advokaat Jack Egberts hat freed it wrâldrekôr 'ûnder iiswetter sitte' helle en komt yn it Guinness Book of Records. Hy siet 4.09 minuten ûnder wetter yn in tobbe mei iis deryn, op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

Dat wie 39 sekonden langer as The Iceman Wim Hof, dy't krekt foar Egberts 3.32 op de klok sette. Dat foel ôf, want hy hie rekkene op in rekôr fan 5 oant 6 minuten. De earste offisjele wrâldrekôrpoging wie by de iepening fan 'Ljouwert Culinair', dat dit wykein hâlden wurdt by de Aldehou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)