Ljouwerter krijt klappen

31 maaie 2009 - 14:45

De plysje ûndersiket in gefal fan mishanneling sneintemoarn betiid by in hoarekabedriuw oan it Kealledykje yn Ljouwert. In 26-jierige ynwenner fan Ljouwert stie dêr te wachtsjen op in taksy doe't er oansprutsen waard troch twa manlju.

Doe't hy wat werom sei, is hy troch ien fan beide mannen tsjin de holle slein. Dêrby rûn hy in djippe wûne op oan syn holle en moast nei in dokter ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)