Ljouwerter kresj ticht

11 mrt 2013 - 19:22

De Ljouwerter berne-opfangorganisaasje SKL slút ien fan syn berne-opfangs. It giet om bernedeiferbliuw Winnie de Poeh yn soarchsintrum Greunshiem. Reden is dat der hieltyd minder bern nei de opfang gean. Alden moatte sûnt dit jier mear betelje foar berneopfang.

Troch dy ûntwikkelings kin it iepenhâlden fan Winnie de Poeh net mear út. It bernedeiferbliuw giet op 1 septimber ticht. Meiwurkers en âlden binne al ynformearre oer de sluting. Mids maart is der noch in ynformaasjegearkomste foar de âlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)