Ljouwerter koperdieven betrape

10 apr 2014 - 10:51
  • Koper

Twa manlju fan 40 en 62 jier út Ljouwert binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanholden foar koperstellerij. In oplettende tsjûge hearde yn de nacht lûden fan it bouplak Achter de Hoven en warskôge de plysje. Doe't dy by it bouplak kaam, ferstoppe it twatal him. De manlju hienen twa tassen mei elektrisiteitskabels by har. It duo is meinaam nei it buro. De plysje hat de elektrisiteitskabels yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)