Ljouwerter kolleezje yn styl op iepen monumintedei

12 sep 2015 - 11:35
  • It Ljouwerter kolleezje klaaid yn de styl fan Marijke Meu
  • Bysûnder nij staazjeportret fan it kolleezje fan b. en w. by de Iepen Monumintedei

Rûnom yn Fryslân kinne minsken sneon fergees monuminten besjen. Sa is der yn Ljouwert in rûte makke by 26 monuminten del. Dêr sitte bekende gebouwen tusken lykas stedhûs, provinsjehûs en Princessehof, mar ek ferskate wenhuzen dêr't je ornaris net samar binnenstappe kinne.

Oare monuminten dy't dit wykein te besjen binne, binne ûnder oare de Martinitsjerke yn Snits, it stedhûs fan Boalsert en houtseachmûne De Jager fan Wâldsein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)