Ljouwerter jeugd hâldt 'wake'

25 feb 2001 - 15:30

Ljouwerter jongeren hâlden dit wykein in 'wake' fan 24 oeren. De jeugd fan 'e tsjerken yn it westen fan de stêd hâlden har fan sneon 12.00 oere ôf yn 'e Fenixtsjerke dwaande mei kwestjes oer it leauwe. Se diskusearren en makken muzyk.

Mei in tsjerketsjinst waard de wake snein ôfsletten. De jongeren woenen jild by elkoar bringe foar it 'aanloophuis' yn de binnenstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)