Ljouwerter it sikehûs yn slein

28 feb 2010 - 13:47

Op it plein by de Harmonie yn Ljouwert is sneontenacht in jongeman (25) sa hurd slein dat er nei it sikehûs moast. Nei slutingstiid fan 'e kafees krige er op strjitte in klap tsjin de holle fan in stedgenoat (22). Hy rekke út 'e tiid. In ambulânse hat him nei it MCL ta brocht.

Doe't de plysje de fertochte oanhâlde woe, ûntstie opnij reboelje. Oaren bemuoiden har dermei en in Ljouwerter (18) waard sa lêstich dat er mei moast nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)