Ljouwerter iishal ferwachtet soad flecht op de koai

21 apr 2015 - 11:21

De nije Ljouwerter iishal ferwachtet nei de iepening yn septimber in soad drokte, omdat Thialf op syn gaust yn novimber de doarren iepenet. De ferwachting is dat in soad reedriders nei Ljouwert gean. Neffens direkteur Van der Kooi fan de Alvestêdehal sil der sjoen wurde moatte nei in ferromming fan de iepeningstiden.

Yn de iepeningswike fan de Ljouwerter iishal sil elke dei in oare iissport sintraal stean. Sa binne der ek plannen om yn Ljouwert in kurlingklup op te rjochtsjen. Op It Hearrenfean is al sa'n feriening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)